"No Lutz no Glory" yn Ljouwert

"No Lutz no Glory." Dat wiene de wurden fan polityk lieder fan de PvdA Lodewijk Asscher as reaksje op de goeie ferkiezingsútslach foar de partij yn Ljouwert. De PvdA fan Lutz Jacobi bliuwt yn de Fryske haadstêd de grutste. Wol ferliest de partij in sit yn de ried: se sakje fan 12 nei 11. De reade partij bliuwt wol mei kop en skouders boppe de rest stean: it CDA en PAL/GrienLinks folgje op it twadde plak mei elk 5 sitten.
"It is in dream", sa seit de foarfrou blier tsjin ferslachjouwer Eric Ennema at de útslach bekend wurdt. "At je sjogge nei it lanlike byld, dan soene wy fuortfage wurde nei in úteinlik totaal fan fjouwer sitten. Dus ik tocht: at wy no acht sitten hâlde dat soe ik al hiel geweldich fine." Uteinlik waarden it dus noch in pear mear.
Gjin ferrjochtsing yn Ljouwert
"Minsken binne it blykber dochs wol iens mei alles wat wy dien hawwe. Ik fyn it wol in moai byld", giet Jacobi fierder. "Mei de Twadde Keamerferkiezingen tocht ik wol: wy ferrjochtsje wol hiel bot yn Nederlân. Mar dan sjochst hjir yn Ljouwert PvdA mei PAL/GrienLinks, dat docht my goed!" Lodewijk Asscher hie ek syn twivels oer de mooglikheden foar de PvdA by dizze ferkiezingen, en ek hy is bot ferrast mei de útslach: "Dat het zo goed zou zijn, met zo'n gigantische overwinning, dat had niemand durven hopen."
Koälysje
No't de stimmerij efter de rêch is komt it folgjende politike proses om de hoeke sjen. Mar de PvdA foarfrou wol op dit stuit noch neat sizze oer eventuele kolleezjepetearen: "Dêr hawwe wy it noch net oer hân. Wy moatte fannacht earst mar sliepe en dêrnei komme diskusjes wol wer."