CDA en PvdA grutte winners by gemeenteriedsferkiezingen

22 nov 2017 - 23:30

It CDA en de PvdA binne de grutte winners by de gemeenteriedsferkiezingen fan woansdei. Ljouwert bliuwt foar de PvdA, nettsjinsteande in lyts ferlies. Yn Súdwest-Fryslân en yn de nije gemeente Waadhoeke is it CDA de grutste partij.

Ljouwert

Yn de gemeente Ljouwert bliuwt de PvdA fan Lutz Jacobi de grutste. Wol ferliest de partij in sit yn de ried: se sakje fan 12 nei 11. De reade partij bliuwt wol mei kop en skouders boppe de rest stean: it CDA en PAL/GrienLinks folgje op it twadde plak mei elk 5 sitten. D66 en de VVD folgje dêr wer koart op mei 4 sitten. Opfallend binne de twa sitten fan nijkommer Lijst 058 fan Otto van der Galiën. De partij hellet by har earste gemeenteriedsferkiezing itselde tal sitten as bekendere partijen lykas ChristenUnie, FNP en Gemeentebelangen. De ried wurdt kompleet makke troch de partijen 50Plus en de Partij voor de Dieren dy't beide 1 sit krije.

Súdwest-Fryslân

CDA wint en bliuwt de grutste yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De partij klimt fan 10 nei 11 sitten yn de ried. De Partij van de Arbeid bliuwt yn Súdwest-Fryslân de twadde partij mei in totaal fan 6 sitten. Sy hawwe dêrmei gjin winst en gjin ferlies. De grutste winner yn de gemeente is lykwols ien fan de lytsere partijen: GrienLinks klimt mei in totaal fan 2342 stimmen fan 1 nei 3 sitten yn de ried. Ferlies is der ek: GemeenteBelangen-Totaal Lokaal sakket fan 4 nei 3 sitten, de SP moat werom fan 3 sitten nei 1 sit, en D66 sakket fan 3 nei 2 sitten.

Waadhoeke

Yn Waadhoeke wie it CDA de grutte winner: mei 25,9 prosint fan de stimmen komt de partij op 8 sitten yn de ried. SAM en Gemeentebelangen komme beide mei 6 sitten yn de ried. SAM hat hjirby mei 21,5 persint fan de stimmen krekt wat mear as de 20,3 persint fan GemeenteBelangen. De oare sitten yn de nagelnije gemeenteried fan Waadhoeke wurde opfolle troch FNP (5 sitten), VVD (3 sitten) en CU (1 sit).

(Advertinsje)
(Advertinsje)