Wetsus striidt om titel fitaalste bedriuw fan Nederlân

23 nov 2017 - 06:10

Wetterûndersyksynstitút Wetsus yn Ljouwert wurdt tongersdei mooglik útroppen ta meast fitale bedriuw fan Nederlân. Wetsus waard earder al útroppen ta fitaalste bedriuw fan Fryslân en fersloech dêrby de Albert Heijn fan Frjentsjer en Boekhannel Van der Velde út Ljouwert. De fitale bedriuwen sette harren yn foar de sûnens fan de meiwurkers. De wurknimmers fan Wetsus ha bygelyks de mooglikheid om yn it skoft te tafeltennisjen, of in rûntsje te kuieren. Ek binne der hurddraafgroepkes en in fuotbalteam by it ynstitút.

Neffens Wetsus-direkeur Johannes Boonstra is it minstens like belangryk dat der by Wetsus in soad omtinken is foar de meiwurkers op it geastlike flak. "Der binne hjir in protte kenniswurkers dy't mei prestaasjedruk te meitsjen ha en dêr spylje wy op yn mei coaches en ynterfyzjeprogramma's."

Ferline jier wie drukkerij Zalsman út Zwolle it fitaalste bedriuw fan Nederlân. De priis is in inisjatyf fan MKB-Nederlân en soarchfersekerder ONVZ.

(Advertinsje)
(Advertinsje)