Utslach SWF: CDA wint en bliuwt de grutste partij

22 nov 2017 - 22:28

It CDA bliuwt de grutste partij yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De partij helle hast 28 persint fan de stimmen binnen en winne dêrmei ek in sit yn de nije gemeenteried. It CDA krijt alve sitten. Twadde partij is mei 15 persint de PvdA wurden. Sy behâlde harren seis sitten. De FNP is der krekt achter einige en behâlde ek harren fiif sitten.

De opkomst wie mei 45 persint wol in stik leger as by de ferkiezingen fan 2014. Doe kaam 58 persint fan de stimmers opdaagjen. 

In oersjoch fan de útslach:

(Advertinsje)
(Advertinsje)