Oanlis Mondriaankwelder op Skylge wurdt útsteld

22 nov 2017 - 22:26
Kwelders op Skylge - Foto: Rykswettersteat

De oanlis fan de Mondriaankwelder op Skylge rint fertraging op. Rykswettersteat hat de fergunningsoanfraach ynlutsen. Dit hat te krijen mei de oanfoljende ynformaasje dy't it ministearje fan Lânbou en Natuer hawwe wol oer de oanfraach. Dizze ynformaasje kin neffens Rykswettersteat net binnen de fergunningproseduere levere wurde oan it ministearje.

Troch de fertraging is it net helber de kwelder yn 2018 oan te lizzen, wylst dat yn it ramt fan Kulturele Haadstêd wol de bedoeling wie. Provinsje Fryslân en Rykswettersteat sille besjen op hokker termyn de útfiering wol úteinsette kin.

Natuerorganisaasjes binne benaud dat de oanlis fan de Mondriaankwelder de rêst fan de fûgels fersteure sil.

(Advertinsje)
(Advertinsje)