Hoe moat Weststellingwerf der útsjen? Bern jouwe advys

22 nov 2017 - 22:10

Skoalbern fan De Heidepolle yn Wolvegea helpe de gemeente Weststellingwerf by it opstellen fan in omjouwingsfisy. Woansdei presintearren se harren ideeën op in jûn, organisearre troch de gemeente. Dêrop waard de konseptferzje fan de omjouwingsfisy toand oan de belangstellenden.

Skoalbern út groep 6, 7 en 8 fan De Heidepolle hawwe makettes makke mei saken, dy't neffens har wichtich binne. Sa kaam nei foaren dat de bern mear sjogge yn sinnepanielen as yn wynmûnen en dat heechbou gjin probleem is. Wethâlder Cor Trompetter fan Weststellingwerf is bliid mei de bydrage fan de bern: "De maquettes zullen een prominente rol krijgen, zodat we kunnen zien hoe de kinderen erover denken."

Der kamen sa'n 150 belangstellenden op de jûn ôf. Dat binne der in soad neffens it projektburo, dat yn meardere gemeenten sokke opdrachten útfierd. Op de webside fan de gemeente Weststellingwerf is de konseptferzje fan de omjouwingsfisy te finen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)