Neffens de Belgen heart FC Groningen by Fryslân

22 nov 2017 - 20:49

Komt FC Groningen no út Grinslân of hearre se dochs by Fryslân? By de Belgyske fuotbalklup Club Brugge binne se der noch net hielendal oer út. De klup sil kommende winterstop in oefenwedstriid spylje tsjin de Grinzers en hawwe dêrom in koart artikeltsje op harren webside setten. Hjiryn skriuwe se lykwols dat se yn Marbella tsjin 'FC Groningen, uit de Noordelijke provincie Friesland' spylje sille. En dus net út Grinslân.

De Grinzers kinne der wol om laitsje. Op twitter litte se witte dat se der nei út sjogge om de "Walen" wer te sjen. Brugge leit fansels yn Flaanderen, en net yn Walloanië​.

(Advertinsje)
(Advertinsje)