Harnzer krijt wurkstraf foar bedriging en fernieling

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In 37-jierrige Harnzer hat woansdei in wurkstraf fan 80 oeren krigen foar bedriging en fernieling. De man smiet yn augustus tolve ruten yn by it hûs fan syn mem nei in rûzje mei har. In pear dagen earder hie er by Berltsum in meiwurkster fan in tankstasjon bedrige, doe't er de benzine foar syn brommer net betelje koe.
Op deselde dei bedrige er ek syn bewâldfierder omdat dy net op tiid jild oermakke hawwe soe op syn rekken. Hy sei dat er de bewâldfierder yn sâltsoer oplosse soe en yn 'e brân stekke soe as er syn jild net krige. De Harnzer hat psychyske problemen en in ferstanlike beheining. Hy is yn behanneling foar syn problemen.