Folgje de gemeenteriedsferkiezingen live

22 nov 2017 - 19:38

De gemeenteriedsferkiezingen fan woansdei binne hjir live te folgjen. Fan de prognoazes en de earste útslaggen oant en mei de analyzes en reaksjes. Mei it programma Fryslân Kiest bringt Omrop Fryslân woansdei 22 novimber elkenien as earste op 'e hichte oer de weryndielingsferkiezingen. Mei gasten lykas de boargemasters Hayo Apotheker, Johanneke Liemburg en Gerrit Krol. Yn de studio ûntfange Andries Bakker en Jan Dirk de Haan tal fan politike gasten.

Yn Waadhoeke wurdt de ferkiezingsjûn hâlden yn De Doelen yn Frjentsjer. Simone Scheffer docht dêr ferslach. Yn Ljouwert wurde de útslaggen presintearre yn Neushoorn, Eric Ennema is dêr foar Fryslân Kiest by. Yn Súdwest-Fryslân komme alle politike pommeranten yn it eardere gemeentehûs yn Drylts by inoar, dêr sil René Koster ferslach dwaan. Hayo Bootsma is op 'en paad yn alle trije gemeenten en docht ûnder oaren ferslach út it lytste stimburo fan Fryslân wei: Skingen-Slappeterp.

(Advertinsje)
(Advertinsje)