Stenden makket him op foar grutste diploma-útrikking

Stenden hegeskoalle yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Hotelskoalle Stenden yn Ljouwert hat kommende freed de grutste diploma-útrikking yn de skiednis fan de hegeskoalle. Mar leafst 350 bachelor-studinten krije dan harren diploma. Fanwege de útrikking komme ek 1100 gasten nei Ljouwert om de festiviteiten mei te meitsjen. De útrikkingsmiddei wurdt hâlden yn de expohal fan it WTC Expo.