Goed in miljoen foar projekten yn Noardeast-Fryslân

© ANP XTRA
Yn Noardeast-Fryslân krije 21 projekten jild út it Iepen Mienskipsfûns fan de provinsje. Mei-inoar giet it om goed ien miljoen euro. De projekten binne bedoeld om de leefberens yn de regio te ferbetterjen. Fjouwer inisjativen krije 35.000 euro, it heechste bedrach. It giet dan ûnder oare om de bou fan in sportkoai yn Marrum/Westernijtsjerk en de oanlis fan in beleeftún yn De Westereen. Yn dy tún komme ek boarterstastellen en grientetunen.
Ek Dokkum Tulpenstad krijt 35.000 euro. De tulpen op de bolwurken en yn de binnenstêd lûke in soad toeristen. Foar de fierdere oanlis fan de teätertún yn Broeksterwâld wurdt ek jild frijmakke, lykas foar de lokale omrop RTV Kanaal 30 yn Burgum, Dy krijt 10.000 euro foar nije apparatuer.