Ferkiezingen: middeis stadichoan wat drokker op stimburo's

It begjint stadichoan wat drokker te wurden by de stimburo's yn de gemeenten Súdwest-Fryslân, Waadhoeke en Ljouwert. Om trije oere woansdeitemiddei lei it opkomstpersintaazje yn Súdwest-Fryslân op hast 21 persint. Yn Waadhoeke wie dat goed 20 persint. Ljouwert hie in oere earder in opkomstpersintaazje fan 16 persint. Minsken kinne noch oant 9 oere jûns stimme foar de weryndielingsferkiezingen.