Fjouwertal krijt wurkstraf foar fernieling yn Damwâld

22 nov 2017 - 16:14
De rjochtbank - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Fjouwer fertochten binne woansdei feroardiele ta wurkstraffen fanwege fernieling yn Damwâld. Twa fan de fertochten krigen in wurkstraf ûnder betingst. It fjouwertal wie yn septimber belutsen by it stikken smiten fan de ruten fan in wenning yn Damwâld. Se hiene spul mei de bewenner. De ien sei dat de man syn auto ferkeard parkearre hie, wêrtroch't in libbensgefaarlike situaasje ûntstean wêze soe. De oaren seine dat de man syn dochter net goed behannele.

In 48-jierrige ynwenster fan Ljouwert en in 19-jierrige frou út Aldtsjerk stiene derby doe't in man fan 26 út Westergeast en in 24-jierrige Ljouwerter de ruten fan it hûs ynsmieten. Dêrfoar hiene se de bewenner al mei de dea bedrige. De man út Westergeast hie in mes by him. Trije fan de fjouwer fertochten hiene al in strafblêd. De frou út Aldtsjerk en de frou út Ljouwert hawwe wurkstraffen ûnder betingst krigen, fan 30 en 50 oeren. De manlju moatte 50 oeren oan it wurk.

Trefwurden: 
fernieling Damwâld wurkstraf
(Advertinsje)
(Advertinsje)