Ljouwert 'yn fjoer en flam' by fjoerlânskip

22 nov 2017 - 15:53

De stêd Ljouwert stiet de kommende dagen yn it ramt fan in spesjale fjoershow. Trije jûnen lang sil de binnenstêd yn fjoer en flam stean. De tariedings binne no dwaande en duorje twa folle dagen.

Fan 23 novimber oant en mei 25 novimber is elke jûn fan 19.00 oant 22.00 oere in fjoerlânskip. 'De Vuurmeesters' út België meitsje fan de binnenstêd en grêften in lânskip mei betoverjende feeërike fjoerkeunstwurken. By de Aldehou komt in 'libben' fjoerkeunstwurk en yn de grêft by de Nijstêd komme santich lotusblommen mei kearsen. Der binne spesjale lantearns yn de strjitten.

De show is bedoeld as 'opwaarmer' rjochting Kulturele Haadstêd. De show is fergees te besykjen.

Trefwurden: 
Ljouwert fjoer Vuurmeesters
(Advertinsje)
(Advertinsje)