Hylper snackferkeaper kin fluitsje nei skeafergoeding

Patat © ANP
De skeaclaim fan 128.000 euro dy't in snackferkeaper yn Hylpen yntsjinne hie by de gemeente Súdwest-Fryslân, is ôfwiisd troch de Ried fan Steat. De man seit dat er troch ferkeard hanneljen fan de gemeente ynkomsten mist hat. Yn 2010 stie er as earste op de wachtlist foar ien fan de twa plakken foar in snackkarre oan de Havenkade yn Hylpen. Hy kaam lykwols net oan bar, ek al hie hy de gemeente dúdlik makke dat in oar har net oan de fergunning hold.
Pas ein 2011 luts Súdwest-Fryslân de fergunning fan dizze frou yn en kaam de man oan bar. Dy fynt dat de gemeente folle earder optrede moatten hie. De Ried fan Steat is it dêr net mei iens. Dy seit dat de frou har yndied net oan har fergunning hold, mar dat de gemeente net fuortendaliks dy fergunning hoegde yn te lûken. Súdwest-Fryslân hie har ek in warskôging jaan kinnen.