Nije behearders foar MFC De Utherne yn Drylts

MFC De Utherne yn Drylts © Google Streetview
Fokke Rosier en Majanka Faber binne de nije behearders fan multyfunksjoneel sintrum De Utherne yn Drylts. Se nimme it stokje oer fan Herman Baudet. De gemeente Súdwest-Fryslân is eigener fan De Utherne. Dy wol alle doarpshuzen en multyfunksjonele sintra selsstannich meitsje. Neffens wethâlder Durk Stoker wie dat yn Drylts net mooglik.
Fokke Rosier is yn Drylts inisjatyfnimmer fan ûnder oare it karategala en de oldtimerrally. Majanka Faber is bestjoerslid fan Stadsbelang en ûnder oare organisator fan it evenemint Drylts yn wintersfear. Op 3 jannewaris meitsje se har plannen bekend foar De Utherne.