FIDEO: Le Mistral wurket oan comeback

22 nov 2017 - 15:00

Tsien jier lyn wiene se in begryp, de Ljouwerter famyljeband Le Mistral. In band mei in eigen styl en in eigen lûd. In grutte trochbraak siet der doe net yn, mar no wurkje mem Klafia, heit Frans en soan Christiaan Span oan harren ‘comeback’. De band spilet eigen wurk mei in eigensinnich karakter. It repertoire bestiet út alternative pop mei ynfloeden út de rock, blues en jazz.

Sukses

Dit jier bestean se 15 jier en bringe harren sande album út. Earder songen se Ingelsktalich en nei't se in skoft derút west hienen, binne se oerstapt op Nederlânsktalich wurk. Mei it nûmer Paradise hienen se in soad sukses. "Dat had onze doorbraak kunnen zijn," seit mem Klafia. "We speelden soms wel zeven, acht keer op een avond," follet heit Frans oan. "We hadden zelfs beveiliging op een gegeven moment," seit Klafia.

"Het houdt ons van de straat"

Christiaan (36) is de soan fan Klafia en Frans. Hy is it brein achter de nûmers, skriuwt en komponearret alle nûmers. Klafia (73) is de sjongeres fan Le Mistral. Sy komt út de klassike sjonghoeke en hat sjongles hân. Frans (77) is de drummer fan de band. Maskotte fan de band is Danny de hûn. "We beleven er veel plezier aan. Het houdt ons van de straat."

Hea! seach by de band thús dêr't se repetearje en de primeur hearre litte fan it nije nûmer Toekomst.

Trefwurden: 
Le Mistral comeback Hea!
(Advertinsje)
(Advertinsje)