FIDEO: Hoe giet it no mei de rappende fuotbaltrainer?

Wa ken de rappende fuotbaltrainer noch? In jier lyn gie de rap fan Niek Tiemersma út Frjentsjer 'viral' en sûnt dy tiid stiet syn libben op 'e kop.
Hy hat in screentest foar it programma Het Klokhuis. Hy moete ien fan de bêste spitsen, Ruud van Nistelrooy en folge in scholarship by de Ruud van Nistelrooy-foundation. Dêr learde er hoe't je talint by bern ûntwikkelje kinne. Hy hat ek meidien mei it RTL Sterrenteam dêr't er tal bekende profs moete. En hy hat Frjentsjer yntusken ferruile foar Cambuur. Dêr is er no jeugdtrainer en presintator by Cambuur TV. Syn ambysjes binne om te presintearjen by telefyzje en jeugdtrainer te wurden by Feyenoord.