Theun Pieter syn winskelist foar Sinteklaas giet 'viral'

22 nov 2017 - 15:40

De njoggenjierrige Theun Pieter út Rinsumageast giet it hiele ynternet oer mei syn Sinteklazeferlanglist. Wat er ha wol? "Een Xbox en Fifa 18." Djoer? Ja, wol 350 euro tinkt er sels. Hy giet der eins ek net fan út dat er it krije sil, sa sei er tsjin de ferslachjouster fan RTL Nieuws dy't ôfrûne sneon by de yntocht fan Sinteklaas yn Dokkum mei him prate. Op ynternet wurdt it filmke hiel faak besjoen en der wurdt sels al grute dat er de Xbox kado krije sil.

Hiel apart

Sûnder dat Theun Pieter it troch hie, is er dus bekend wurden yn hiel Nederlân. Wat fine syn âlden hjir fan? "Dit hienen we net tocht, it is wol hiel apart," fertelt heit Hessel Elzinga yn De Middei fan Fryslân. "Hy koe mei in freontsje nei de yntocht yn Dokkum en dan komt dit der achter wei. Thús fertelde er wol dat er ynterviewd wie, mar dan ferwachtest net soks. Us âldere dochters sitte fol op ynternet, dus dy seagen wol dat it filmke bêst in protte besjoen is." Hessel is oan it wurk yn Appingedam op it stuit "en sels hjir ha se it deroer."

Enne... krijt er dy Xbox?

Fan heit en mem hie Theun Pieter de Xbox net krigen. "Elk bern streept fansels de grutste en djoerste kado's yn de krantsjes oan, mar dit kostet wol in soad sinten. Fia Twitter socht Bol.com kontakt mei de famylje. "In doarpsgenoat seach dat en frege oft er ús gegevens trochjaan mocht. Se ha al mei myn frou belle en seinen dat Sint meikoarten delkomme sil. It wurdt dus allinne mar leuker noch."

(Advertinsje)
(Advertinsje)