Sikehûs Nij Smellinghe krijt fleugel yn hal

Yn de sintrale hal fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten is woansdei in fleugel yn gebrûk naam. Elkenien mei dêr op spylje. Dat is net allinnich foar de gesellichheid, mar it hat neffens geastlik fersoarger Ulrike Rinsma ek in goede ynfloed op pasjinten. Minsken dy't demint binne, fleurje faak op as se muzyk hearre.
De earste frijwilligers hawwe har al meld om it muzykynstrumint te bespyljen. De wurkgroep muzyk fan it sikehûs is fan doel optredens te organisearjen.
Oare plannen fan de wurkgroep binne muzyk op de operaasjekeamers, muzyk foar kwetsbere pasjinten en muzyk op fersyk fan de yndividuele pasjint yn bepaalde situaasjes of by bysûndere gelegenheden. Oare sikehuzen hawwe goede ûnderfiningen mei it brûken fan muzyk.