Stranger tafersjoch op Proloog

It tafersjoch op de stifting foar iepenbier basisûnderwiis Proloog moat yn de takomst folle stranger. Dat fynt de rekkenkeamer fan de gemeente Ljouwert. Neffens de rekkenkeamer is yn it ferline te maklik tocht oer de finansjele situaasje by Proloog.
Al fan it begjin ôf, yn 2009, gie it finansjeel min mei Proloog en dat is pas te let oan de gemeenteried trochjûn. Dêrtroch binne de problemen neffens de rekkenkeamer noch slimmer wurden.