Direkteur Jan Koster ferlit Omrop Fryslân yn 2018

Omrop Fryslân moat takom jier op syk nei in nije direkteur. De hjoeddeiske direkteur Jan Koster (63 jier) nimt nei acht jier ôfskie fan de Omrop. Hy giet yn de maitiid fan 2018 mei pensjoen. Koster hat dat yn oerlis mei de ried fan kommissarissen fan de omrop besletten. Koster hat him de ôfrûne jierren bot ynset foar it behâld fan de omrop yn it feroarjende medialânskip. No't de polityk dêr besluten oer naam hat, is it neffens him en de ried fan kommissarissen tiid om in oare direkteur te sykjen.
Foarsitter Ton Baas fan de ried fan kommissarissen fynt it spitich dat Koster fuortgiet, mar neamt it ek begryplik. Hy seit Koster tank foar syn ynset, de noflike gearwurking en de resultaten dy’t behelle binne.