Ferkiezingen: it rint noch net stoarm

Mei opkomstsifers fan bygelyks goed 6 prosint yn Ljouwert, hast 9 yn Waadhoeke en goed 8 prosint yn Súdwest-Fryslân rint it noch net stoarm by de ferkiezingen foar de gemeenterieden fan Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Waadhoeke.
Sûnt woansdeitemoarn healwei achten kinne de ynwenners fan de gemeenten dy't yn dizze trije gemeenten opgean har stim útbringe. Der kin noch stimd wurde oant njoggen oere woansdeitejûn.
Ferslachjouwer Wytse Vellinga seach op it stimburo yn Drylts en prate mei ferskate stimmers. Neffens Herman de Groot fan it stimburo is de opkomst altyd wol frij heech dêr. "It falt my no wol wat ôf, ik hie wol wat mear ferwachte en hoopje dat it noch wol tanimt. Sa'n sechtich of santich prosint moat kinne, dat helje we oars ek wol yn Drylts."