Hettinga: "Europeeske regels bedriigje busferfier net"

Direkteur Anne Hettinga fan ferfiersbedriuw Arriva op It Hearrenfean sjocht de nije Europeeske regels foar it busferfier net as in bedriging. It fakbûn CNV seit yn in brief oan de Twadde Keamer dat de nije regels in direkte bedriging binne foar de wurkgelegenheid en de regionale bustsjinsten yn Nederlân.
Net-rendabele buslinen wurde no betelle troch de opbringsten fan rendabele buslinen en dat prinsipe komt neffens it fakbûn mei de nije regels yn gefaar. Neffens Hettinga falt dat wol ta om't de oerheid yn Nederlân it ferfier goed regulearret. Hy hat der alle fertrouwen yn dat mei dy regels ek it net-rendabele iepenbier ferfier op it plattelân behâlden bliuwt.