"Fleanbasis soe yn 2018 twa wiken fossylfrij wêze moatte"

22 nov 2017 - 11:11
Fleantugen op de basis yn Ljouwert - Foto: ANP

De fleanbasis yn Ljouwert moat ek meidwaan oan it Kulturele Haadstêd-projekt en yn 2018 twa wiken lang fossylfrij wêze. Dat seit GrienLinks Twadde Keamerlid Isabelle Diks. Oan de saneamde Elfwegentocht dogge bedriuwen, oerheden, maatskiplike organisaasjes en doarpen mei. Dy sizze ta twa wiken lang gjin fossile brânstoffen te brûken.

It kabinet soe fan Diks sjen moatte nei de mooglikheden dat ek de fleanbasis hjir oan meidwaan kin. Bygelyks troch te eksperimintearjen mei alternativen foar kerosine en troch meiwurkers te ferfieren sûnder fossile brânstoffen te brûken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)