Gebou eardere Bornego College yn Wolvegea wurdt sloopt

22 nov 2017 - 10:54
Yn de âlde skoalle wiene as lêste flechtlingen ûnderbrocht - Foto: Google Maps

It gebou fan it eardere Bornego College yn Wolvegea wurdt sloopt. Twa jier lyn waard it gebou oan de Sportleane noch oanpast om asylsikers yn te húsfestjen. De lêste asylsikers binne heal novimber fuortgien en der komme gjin nije flechtlingen foar werom. De gemeente hat sjoen wat se oars mei it gebou dwaan kinne, mar sjoen de minne technyske steat is besletten it gebou begjin 2018 te slopen.

Mei de wenningstichting wurdt oerlein oft der sosjale wenningbou op it terrein komme kin. By dy beslútfoarming wurdt ek de buert belutsen. De ôfrûne jierren ha 24 húshâldingen út fjouwer lannen tydlik yn it gebou wenne, yn ôfwachting fan in hierwenning.

(Advertinsje)
(Advertinsje)