Fryske keatsers tredde op WK

22 nov 2017 - 10:03

De Fryske keatsers, dy't foar Nederlân útkomme op it WK yn Kolombia, binne tredde wurden yn it ynternasjonale spul. Gastlân Kolombia waard mei 6-3 ferslein. Yn de heale finale waard kânsleas mei 6-2 ferlern fan Spanje (Valencia). In dei earder wie dat team noch ferslein, mar dizze kear wie it spul fan Nederlân gâns minder. Tsjin Kolombia gong it mei it team fan coach Marten Feenstra wer better. Yn it Llargues wûn Team NL maklik fan Ingelân (6-0).

Marrit Zeinstra, Miranda Scheffer en Harmke Siegersma pleatsten har alle trije by de lêste sechstjin fan it muorrekeatsen yn it inkeldspul.

It manljusdûbel Kees van der Schoot en Tjisse Steenstra wûn op it ûnderdiel muorrekeatsen de earste pûlwedstriid fan Paraguay.

Trefwurden: 
keatsen WK
(advertinsje)
(advertinsje)