Kat miicht oer stimpassen hinne: twa stimmen ferlern

22 nov 2017 - 09:44

By de ferkiezingen yn de gemeente Littenseradiel binne twa stimmen ferlern gien, nei't in kat fan 18 jier âld oer de stimpassen hinne pisse hie. Ferslachjouwer Geert van Tuinen kaam it opmerklike ferhaal woansdeitemoarn tsjin yn it stimlokaal yn de iepenbiere skoalle yn Baard. Ynwenster Anke is har twa stimpassen kwytrekke nei't har deminte en ynkontininte kat Doppert oer de post hinne pisse.

Se koe de stimpassen foar har en har partner dêrnei fuortsmite. Beiden kinne no net stimme, want nije stimpassen moatte in dei foar de ferkiezingen oanfrege wurde.

Trefwurden: 
Ferkiezingen kat Baard stimpas
(Advertinsje)
(Advertinsje)