Kollum: "Ferkearde fuotstik"

22 nov 2017 - 09:19

"Stel je foar, ôfrûne sneon hie de fuotbalwedstriid Hearrenfean-Feyenoord west. En de hooligans fan Feyenoord wiene mei bussen kaam. En stel, in pear Fryske jonges op klompen mei in kapusjontsje op ’e kop wiene de A7, krekt efter it BP stasjon tusken De Jouwer en It Hearrenfean, opgien en hienen dy bussen tsjinhâlden. Sa fan: “Jim raze altyd dwers troch ús hillige folksliet hinne. We wolle dat net. Jim komme der net yn.” Dan hienen de boargemasters Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean en Fred Veenstra fan De Fryske Marren, want op dy syn grûngebiet barde it, net oars dwaan kinnen as tsjin de plysjes sizze dat dy Hearrenfean-hooligans mar fan de dyk raamd wurde moasten. En dat de bussen mei dy leave Feyenoord-supporters mar gau trochride moasten nei it Abe Lenstra stadion. Fansels, want se skieten op 'e foarhân al yn de broek fan al dy Feyenoordsupporters echt lulk wurde soenen.

Ik hâld net fan Feyenoord hooligans.

Ik hâld ek net fan minsken dy’t inkeld mar sjen wolle nei blauwe, reade, wite, giele, oranje, rôze of koskitengrien, mar net nei Swarte Piten. Dy minsken waarden yn harren bussen echt tsjinhâlden troch Fryske jonges. Yn 't foaren wiene dy warskôge om soks net te dwaan. Se dienen it wol. Sterker, dy Fryske kapusjontsjes en klompkes waarden net fan de dyk reage. Wol nee. De plysje wachte in kertierke, liet der efter wat auto’s op elkoar botste, en prate en lake wat mei dy jonges. Letter waarden de bussen wer werom stjoerd. Want de Fryske jonges seinen ek noch dat se swier yllegaal fjoerwurk yn’e bûse hienen. Mar sy krigen gelyk.

Mar ik hie der fierder gjin omtinken oan bestege, Nynke van der Zee hie moandei al gelyk, mear hie net hoegd. Mar Willem Schoorstra rekke tiisdei yn betizing. Want it waard de dagen dêrnei noch folle slimmer. De Fryske hooligans waarden útroppen ta helden. It wie noch mar krekt bard en doe wienen der al abbekaten, dy’t harsels fergees oanbean ha. Watte, sekken fol jild waarden der ynsammele foar de eventuele boeten. Mar dy komme der hielendal net. Nee, as justysje it tastiet dat plysjes sadanich disproporsjoneel geweld brûke dat der immen dea oan giet, ja der heart wat nuânse by, mar dat ha ’k net oan tiid, mar dan fynt justysje it hielendal bêst as wat Swarte Pyt demonstranten tsjinhâlden wurde. En foar it op ’e A7 rinnen krije dronken lju net iens boete, dat lit mar.

Mar wat ik it slimste fûn wiene de reaksjes. Dat de Friezen no soarge ha dat dy Hollânske rânestêdelike seurpiten tsjinhâlden waarden. Wat in helden. As Jenny Douwes har opjout foar de ferkiezingen yn Achtkarspelen, sit se no al yn de ried. Wat in folk, dy Friezen, prima. Dêr begjint de fiktoarje, hâldt op mei ûnsinnige diskusjes.

Ik skamje my dea. Ik wol efkes net mear in Fries wêze. Wy wiene foar sneon dochs dat folk dat wol wit wat minderheden trochstean moatte. En dat we ús nei Kneppelfreed net de bek hâlden ha, ta ferfelends ta. Mar dêrom ha we ús en it Frysk folle better yn de stoel krigen. Friezen witte it alderbêste dat it net inkeld giet om hoe en wat je sels tinke, mar dat it wichtich is dat elts him yn elk gefal uterje kin. It wie dochs sa yn de 60-er jierren dat dy saneamde revolúsje hjir gjin plak fûn. Elk krige ommers plak en tiid om te sizzen wat se woene. As we net trochprotesteare kinnen hiene tsjin kearnwapens, en dy VVD jonges wiene graach foar ús bus stean gien, dan hiene dy dingen hjir noch stien.

Ja, ik fyn ek dat Swarte Pyt swart wêze moat, want oars soe er net mear Swarte Pyt hjitte. Mar dat hoecht in oar net te finen. En der binne echt in hiel soad lju, ek yn Fryslân, dy’t de swart/wyt diskusje oangean wolle. Dêr mei ek bêst in ploechje Friezen tsjin yn gean. Ek goed. Mar de wize wêrop't de iene groep fuortskood waard troch oerheden, plysjes en Friezen, dat past net. Dan kin de minister no wol mei de gemeenten prate wolle oer demonstraasjerjocht, no kin it Iepenbier Ministearje wol ûndersyk dwaan nei dat A7 gedoch, soks is te let. De Friezen stean al op it ferkearde fuotstik."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)