Opûnthâld op de A7 troch twa ûngelokken

© ANP
Op twa plakken op de A7 hie it ferkear woansdeitemoarn te krijen mei opûnthâld troch ûngelokken. De A7 by Fryske Peallen wie, fanwege in ûngelok mei meardere auto's en in frachtwein, in rydstrook ôfsletten en dat soarge foar stadich ridend ferkear oer in lingte fan sa'n seis kilometer. Ferkear moast der nammentlik oer de flechtstreek. By dit ûngelok rekke ien bestjoerder ferwûne.
En ek op de A7 tusken Aldehaske en De Jouwer kaam stadich ridend ferkear foar, dêr oer in lingte fan fjouwer kilometer. Dêr botsten seis auto's op mekoar. Ien persoan rekke ferwûne.
By beide ûngelokken ûnstie in soad skea oan de belutsen auto's. Om njoggen oere hinne wie de sneldyk op beide plakken wer frijjûn foar it ferkear. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan de ûngelokken.