Fryslân Kiest: de weryndielingsferkiezingen 2017

Hjoed 22 novimber is it safier. De ynwenners fan sân Fryske gemeenten meie nei de stimbus foar in nije gemeenteried. Dizze gemeenteriedsferkiezingen wurde earder hâlden as gewoan, om't dizze gemeenten ynkoarten fusearje sille ta trije nije gemeenten.
* Ljouwerteradiel en in part fan Littenseradiel komme by de gemeente Ljouwert
* It Bilt, Menameradiel, Frjentsjerteradiel en in part fan Littenseradiel foarmje de nije gemeente Waadhoeke
* Súdwest-Fryslân en in part fan Littenseradiel fusearje ta in gruttere gemeente Súdwest-Fryslân
Om healwei achten gean de doarren fan de stimburo's iepen.
Wat docht Omrop Fryslân dizze dei?
Fansels yn de reguliere programma's omtinken foar de stimdei.
En fierder
Jûn fan 19.00 oant 01.00 oere op 'e radio, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. It programma is fan 22.00 oant likernôch 01.00 oere ek op telefyzje te sjen. Fan de prognoazes en de earste útslaggen oant en mei de analyzes en reaksjes. Mei it programma Fryslân Kiest bringt Omrop Fryslân woansdei 22 novimber elkenien as earste op 'e hichte oer de weryndielingsferkiezingen. Mei gasten lykas de boargemasters Hayo Apotheker, Johanneke Liemburg en Gerrit Krol. Yn de studio ûntfange Andries Bakker en Jan Dirk de Haan tal fan politike gasten. Foar trije boargemasters is it de lêste perioade as boargemaster.
Yn Waadhoeke wurdt de ferkiezingsjûn hâlden yn De Doelen yn Frjentsjer. Simone Scheffer docht dêr ferslach. Yn Ljouwert wurde de útslaggen presintearre yn Neushoorn, Eric Ennema is dêr foar Fryslân Kiest by. Yn Súdwest-Fryslân komme alle politike pommeranten yn it eardere gemeentehûs yn Drylts by inoar, dêr sil René Koster ferslach dwaan. Hayo Bootsma is op 'en paad yn alle trije gemeenten en docht ûnder oaren ferslach út it lytste stimburo fan Fryslân wei: Skingen-Slappeterp.
Fryslân Kiest
Op woansdei 22 novimber fan 19.00 oant 01.00 oere op 'e radio, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. It programma is fan 22.00 oant likernôch 01.00 oere ek op telefyzje te sjen.