Bûn fan IIsklups kin frijwilligers en jild brûke

22 nov 2017 - 06:40

Op de jiergearkomste fan it Bûn fan IIsklups, it gewest Fryslân fan de KNSB, tiisdeitejûn op De Jouwer wie net in protte fjoerwurk. Fansels it moat winter wurde, mar dat ha de bestjoerders net sels yn 'e hân. Grutsk binne se op de Stichting Topschaatsen Fryslân, dêr't mei sukses oan talintûntwikkeling dien wurdt. Der binne ek noeden en soargen, bygelyks oer it tal frijwilligers en der is jildpine. Johannes de Vries fan Grou waard earelid fan it Bûn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)