LF2018-projekt Leen een Fries "no al slagge"

21 nov 2017 - 23:06

Ien fan de projekten fan Ljouwert-Fryslân 2018 is no al slagge. Dat sizze de inisjatyfnimmers fan Leen een Fries. Op it platfoarm kinne Friezen fergees in tsjinst oanbiede, bygelyks in kursus Hylpers of it meitsjen fan in stedskuier mei in gids. It idee kaam ûnder oare fan de Fryske bibleteken. Se nûgje Friezen út om te fertellen oer de stêd dêr't se wenje, it doarp, hobby of oer de sport dy't se dogge.

De organisaasje is wol wach op it soart projekt dat ynskreaun wurdt. Sa meie der gjin kommersjele aktiviteiten plak fine en moat de webside leeneenfries.nl gjin datingsite wurde. Mei 140 minsken dy't har al ynskreaun hawwe, is it projekt no al "oan it slagjen", sa seit ien fan de inisjatyfnimmers Johannes Keekstra.

(advertinsje)
(advertinsje)