Noarden wol bettere behanneling jong demintearjenden

21 nov 2017 - 22:51

It begelieden en behanneljen fan jonge minsken mei demintens kin en moat better. Dat stelden de trije noardlike Netwerken Dementie op in sympoasium yn Hoogkerk. Lanlik binne der sa'n 12.000 minsken jonger as 65 jier mei demintens. Yn Fryslân, Drinte en Grinslân giet it om sa'n 1200 minsken.

Yn it Noarden is der mar ien ekspertizepunt foar dizze groep en dat is yn Assen. Op it sympoasium is ôfpraat dat dy kennis folle mear spraat wurdt oer de trije provinsjes. Yn de praktyk moat dat liede ta in bettere ynformaasjefoarsjenning by organisaasjes yn de eigen regio. Ek komt der in bettere deibesteging foar dizze groep pasjinten.

(advertinsje)
(advertinsje)