PvdA Hearrenfean wol ûndersyk nei ynfiering basisbaan

21 nov 2017 - 22:29
Foto: ANP

De PvdA yn de gemeente Hearrenfean wol dat it kolleezje fan b. en w. ûndersiket oft it mooglik is om de basisbaan yn te fieren. Sa'n basisbaan is in stypjende baan yn bygelyks de soarch, it ûnderwiis of it behear en wurdt betelle troch de oerheid út útkearingsjild.

Neffens de PvdA soe Hearrenfean mei de ynfiering fan de basisbaan in flink oantal minsken út de bystân helpe kinne. Dizze groep wurdt hieltyd grutter yn de gemeente. Fakatueres, dêr't ynstellingen gjin jild foar hawwe, kinne mei de ynfiering fan de basisbaan ynfolle wurde tsjin minimumlean. It ferskil tusken de bystân en it minimumlean moat de gemeente bybetelje.

“Het is een mooi plan, waarbij we werkelijk wat zouden kunnen doen voor mensen die nu moeilijk aan een baan kunnen komen en veelal in uitzichtloze situaties zitten”, seit PvdA raadslid Elly Bijlsma.

(Advertinsje)
(Advertinsje)