Isabelle Diks beneamd as foarsitter Keamerkommisje

21 nov 2017 - 22:02
Isabelle Diks - Foto: ANP

Isabelle Diks is foar dizze kabinetsperioade beneamd as foarsitter fan de fêste keamerkommisje Ekonomyske Saken en Klimaat. Diks sit sûnt 23 maart foar GrienLinks yn de Twadde Keamer. Dêr hâldt se har foaral dwaande mei bûtenlânske hannel, ûntwikkelingsgearwurking en definsje. Op Twitter skriuwt Diks dat se it in ear fynt om foarsitter te wêzen.

Yn 2008 siet Diks ek al in skoftke yn de Keamer, doe as ferfanger fan Mariko Peters. Foardat se nei de Twadde Keamer gie, wie se njoggen jier wethâlder yn de gemeente Ljouwert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)