Ljouwerter skoalle wint gouden skaal foar sûne kantine

22 nov 2017 - 07:45

Comenius-lokaasje Zamenhof yn Ljouwert hat in gouden Skoalkantine-skaal wûn. De skoalle hat de skaal fertsjinne mei de sûne ynrjochting fan de kantine. It assortimint bestiet foar 80 prosint út sûne produkten, dy't allegear troch de learlingen fan in praktykûnderwiis klearmakke wurde. Yn de sûne kantine wurdt ek it drinken fan wetter stimulearre, omdat yn frisdrinken in hiel soad sûker sit.

De Sûne Skoalkantine is in langrinnend projekt fan it Voedingscentrum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)