Sport Fryslân krijt jild foar Europeesk sportevenemint

Fierljeppen, FK © ANP
De provinsje wol hast 40.000 euro bydrage oan de organisaasje fan de European Sports for All Games. Sport Fryslân wol it evenemint takom jier organisearje, tegearre mei it NOC*NSF. It evenemint sil fiif dagen duorje. Der wurde dan troch de hiele provinsje sporten demonstrearre en wedstriden spile. It giet dan net allinnich om de Fryske sporten, as keatsen en fierljeppen, mar ek om sporten út oare Europeeske lannen.