Ald-boargemaster Flylân Rob van der Mark (71) stoarn

21 nov 2017 - 20:55
Rob van der Mark, boargemaster op Flylân fan 1993 oant 2005 - Foto: Omrop Fryslân

Rob van der Mark, âld-boargemaster fan Flylân, is it ôfrûne wykein stoarn. Van der Mark wie boargemaster op Flylân fan 1993 oant 2005. Dêrfoar wie hy acht jier wethâlder foar de PvdA yn Lelystêd. Van der Mark hie it net altyd maklik op Flylân. Yn de lêste moannen fan syn amtstermyn lei hy noch bot ûnder fjoer, neidat it folsleine plysjeteam fan it eilân nei de fêste wâl oerpleatst waard. Van der Mark is 71 jier wurden.

(advertinsje)
(advertinsje)