Komme der sinneparken yn Fryske sânwinputten?

© ANP
De provinsje Fryslân wol ûndersykje oft der op it wetter fan Fryske sânwinputten sinneparken komme kinnne. Deputearre Steaten wol de Feroardering Romte dêrfoar oanpasse en dy wiziging foarlizze oan Provinsjale Steaten. Der meie allinnich sinneparken komme op plakken dêr't de natuer gjin fierdere skea tabrocht wurdt, seit de provinsje. Der soenen al inisjativen wêze foar sokke sinneparken op sânwinlokaasjes.
Deputearre Steaten wol yn de feroardering net opnimme dat lytse wynturbines 15 meter heech wurde kinne. De noarm bliuwt gelyk oan de no jildende 10 meter.