Reizgerspanel beslist: nije Arriva-treinen wurde grien

De nije treinen fan Arriva wurde grien fan kleur, sa is besletten troch it reizgerspanel dat mei is nei de fabrikant yn Switserlân. De stuollen wurde fan it type dat no ek al yn de treinen fan Arriva stiet. Fierder komt der ien stilte/wurkkûpee en in wurkkûpee mei twa hoekjes dêr't de stuollen tsjin elkoar oer stean, mei in grutte tafel der tuskenyn. Yn sa'n wurkkûpee mei wol praat wurde, yn de stiltekûpee net.
Yn de gewoane kûpees stean de stuollen aanst oan de iene kant fan it gongpaad allegear nei foaren rjochte en oan de oare kant allegear nei achteren. Yn it midden fan de trein komt in AED-apparaat te hingjen. Neffens direkteur Anne Hettinga fan Arriva is mei it provinsjebestjoer ôfpraat dat de advizen fan it reizgerspanel opfolge wurde.