Tresoar wol universiteitsbiblioteek fan Fryslân wurde

Histoarysk sintrum Tresoar yn Ljouwert wol har ûntwikkelje ta universiteitsbiblioteek fan Fryslân. Tresoar sil kolleksjes oanlizze en útbouwe ta ynformaasje dy't fan belang is foar studinten. Dat wurdt ûnder oare dien foar de nije studinten fan de University Campus Fryslân, dy't har yn it Beursgebou yn Ljouwert fêstigje sil. Tresoar sil him spegelje oan it foarbyld fan de grutte Universiteitsbibliotheek yn Grins.
Om it oantreklik te meitsjen foar jongeren wol Tresoar de iepeningstiden ferromje. No is it histoarysk sintrum noch iepen oant 22.00 oere jûns, mar dat moat 00.00 oere wurde. Ek yn it wykein wol Tresoar iepen. "Dan kinne studinten yn ien kear troch nei de kroech", sa seit Bert Looper fan Tresoar.