Orxmastate yn Menaam wurdt diels sloopt

Wensoarchkompleks Orxmastate yn Menaam © Google Streetview
In diel fan wensoarchkompleks Orxmastate yn Menaam wurdt ôfbrutsen. It giet om it tsjinstesintrum en de neistlizzende achttjin apparteminten. Yn it tsjinstesintrum sit ûnder oare in grutte keuken, dy't earder brûkt waard troch in mielfoarsjenning. De achttjin apparteminten stean foar it grutste diel leech, omdat se ferâldere binne. De eigener fan it appartemintekompleks hat yntusken in sloopfergunning oanfrege. De húsdokter dy't ek yn it tsjinstesintrum sit, ferhuzet nei it diel fan Orxmastate dat stean bliuwt. Wat der op it plak fan it ôfbrutsen diel komt, is noch net bekend.