Net mear ynspraak foar partijen oer gaswinning Noardsee

21 nov 2017 - 17:48

De Twadde Keamerfraksje fan Grien Links is swier teloarsteld yn minister Wiebes en de Twadde Keamer. Se hiene twa moasjes yntsjinne om mear ynspraak foar gemeenten en organisaasjes te krijen oer de beslútfoarming fan de gasboarrings op de Noardsee. Bygelyks de gemeente Skiermûntseach soe meiprate moatte kinne, sa fynt de partij. De moasjes hjiroer waarden beide troch de Keamer fuortstimd. Liesbeth van Tongeren, wurdfierder fan Grien Links seit dat se tige teloarsteld is yn de minister.

Trefwurden: 
gaswinning Grien Links
(Advertinsje)
(Advertinsje)