FIDEO: VVD, PvdA of dochs in lokale partij? Wat stimme bern?

It libbet miskien noch net by elkenien, mar woansdei is it dochs safier foar sân Fryske gemeenten: de gemeentelijke weryndielingsferkiezingen. De minsken yn Ljouwert, Ljouwerteradiel, Littenseradiel, Menameradiel, It Bilt, Frjentsjerteradiel, en Súdwest-Fryslân meie dan harren nije gemeenteried kieze. Op it Anna Maria van Schurmankolleezje yn Frjentsjer wie it tiisdei al safier: de skoalbern mochten dêr sabeare stimme. Mei in spesjale stimwizer koene de bern útsykje hokker partij it bêste by harren past. En de útslach wie dúdlik....