Werynrjochting Merk Dokkum fan start

Mei it tekenjen fan in oerienkomst is tiisdeitemiddei it startsein jûn foar de werynrjochting fan de Merk yn Dokkum. It plein wurdt omboud ta in griene Abdijhôf, dêr't de kontoeren fan de âlde Abdijtsjerke, de iisfontein, beammen en ferhaaltegels in plak krije. De oannimmer begjint mei it oanlizzen fan 28 nije parkearplakken oan de noardkant fan it plein. De âlde parkearplakken bliuwe oant en mei de feestdagen foar it grutste part beskikber.
Takom jier wurdt it heger lizzende boppeplein oanpakt. Dêr bliuwt allinnich parkeargelegenheid foar tsjerklike seremoanjes. It wurk moat mids takom jier klear wêze.