FIDEO: Legale wytteelt, goed idee of net?

Is it wol sa'n goed idee om as gemeente mei te dwaan oan it eksperimint foar de legale wytteelt? De gemeente Ljouwert lobbyt al jierren foar in eksperimint, en dit liket hieltyd tichterby te kommen. It nije regear wol mei tsien gemeenten besjen oft it kweken fan wyt legaal wurde kin. Mar by guon coffeeshops binne twivels en de VVD yn Ljouwert fynt it eksperimint yn harren stêd hielendal gjin goed idee. Gerrit Jan te Bloemendal fan coffeeshop De Os yn Ljouwert en Harry Bevers fan de VVD yn Ljouwert​ diskusjearje yn Fryslân Hjoed oer de kwestje.