De Fryske Marren app is net bekend genôch

21 nov 2017 - 16:53

It gros fan de ynwenners fan de gemeente De Fryske Marren wit net dat de gemeente in eigen app hat. Dat is ien fan de resultaten fan in ûndersyk fan de gemeente. It gie dizze kear oer de digitale tsjinstferliening, goed 900 minsken diene mei. In fiifde part fan harren hawwe de app op de telefoan setten, sy brûke dy benammen om de iepeningstiden, nijsberjochten en de ôffalkalinder op te sykjen.

Reden om de app net te ynstallearjen is dat minsken de ynformaasje op in oare wize opsykje of it nut der net fan ynsjogge. De webside is troch mear as de helte fan de minsken besjoen en waard beoardiele mei in 7,1.

Trefwurden: 
De Fryske Marren app
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)