UPDATE: Frou (56) omkaam by botsing op De Gordyk

By in botsing tusken twa persoane-auto's op It Kiemke yn De Gordyk is tiisdeitemiddei in frou fan 56 jier út Lippenhuzen om it libben kaam. De oare sjauffeur, in man fan 57 jier út de gemeente Hearrenfean, rekke licht ferwûne. De plysje ûndersiket it ûngelok en siket ek tsjûgen. Wa't wat sjoen hat, wurdt fersocht dat troch te jaan oan de plysje fia 0900-8844.