Victoria's Secret: moannen wurk foar in minút op de catwalk

21 nov 2017 - 15:56

Sanne Vloet út Donkerbroek hat him moandei rûn: De Victoria's Secret Fashion Show. Foar de tredde kear mocht de Friezinne út Donkerbroek dé ferneamde show rinne. En dat is dochs wol in hiele eare, as jo oer dy ferneamde catwalk paradearje meie. Doutzen die it jierrenlang....mar ek dizze frou kin der wat fan. Se is no noch yn Shanghai, dêr't de show opnaam is, mar Femke de Walle koe har tiisdei yn har programma De Middei fan Fryslân oan de tillefoan krije.

"Het is eigenlijk een hele opluchting dat de show voorbij is, maar het is ook een heel fijn gevoel." sa sjocht Sanne werom op de show fan moandei. "We hebben hier maandenlang naartoe gewerkt, dus we hebben wel echt een topavond gehad, en ik ben heel blij." It Fryske topmodel mocht ien linzjerysetsje showe mei bysûndere 'Angelwings' oftewol ingelewjukken derby. "Ik zat in het segment van de godinnen. Hiervoor had ik een mooi lingeriesetje aan met een soort blauw godinnenjurkje, daarnaast kreeg ik er gouden vleugels bij. Deze waren gemaakt met allemaal gouden blaadjes en gouden vogeltjes. Het hele gevaarte was gemaakt van metaal, dus het was echt wel een groot kunstwerk."

Moannen wurk, minútsje op de catwalk

It goadinnesetsje wie foar Sanne de iennige outfit fan de jûn. Hjirtroch wie se eins mar koart op de catwalk te sjen, wat fansels wol wat nuver is, at je betinke hoefolle muoite it foar de modellen en de organisaasje is om soks op te setten. "We zijn er maanden voor aan het werk, en we gaan helemaal naar Shanghai toe," fertelt Sanne. "Hele dagen zijn we ermee bezig: interviews enzo. En dan is de tijd op de runway niet heel lang. Het zijn eigenlijk maar een paar minuten dat je daadwerkelijk 'on stage' bent, dus de tijd vliegt voorbij. Na de show denk je ook vaak 'oh is dit het?'. Maar zelfs voor die paar minuten is het zeker de moeite waard."

Utrêste

Nei de Victoria's Secret show hat Sanne noch in oantal ynterviews en oare saken te regeljen yn Sina. Hjirnei fljocht it model út Donkerbroek wer werom nei New York, dêr't se op it stuit wennet. Eefkes goed útrêste, en miskien ek alwer tariede op nije klussen. Want sa'n wrâldferneamde show smyt fansels ek in soad ekstra omtinken en mooglik ek ekstra wurk op: "Over het algemeen merk je wel dat je meer opdrachten krijgt na zo'n show. Andere opdrachten zien veel mensen niet, maar dit zien ze overal ter wereld."

Sanne Vloet en de oare Victoria's Secret Angels binne yn de nacht fan tiisdei 28 novimber te sjen op Net5.

(Advertinsje)
(Advertinsje)